De Friese Kerkhistorische Vereniging Folk en Tsjerke is in organisaasje dy’t him dwaande hâldt mei nijsgjirrige saken op it mêd fan de Fryske tsjerke(skiednis). Net allinnich it ferline, mar ek de tiid fan no komt oan ‘e oarder. Bestjoer en leden brûke, al nei ‘t it útkomt, Frysk of Hollânsk.
Folk en Tsjerke organisearret elts jier twa gearkomsten. Sprekkers beljochtsje dan – meast yn in plak dat bij it tema past – in aspekt fan de tsjerkeskiednis sa breed as it mar kin.
Sa hawwe “Eise Eisinga, de Verlichting in Nederland” en “De inrichting van de middeleeuwse kerken in Noord-Nederland vanaf de Middeleeuwen tot heden” oan ’e oarder west. In oare kear wie dat “Anne Mankes-Zernike, de eerste vrouwelijke predikant in Nederland”. Fierder is der jierliks in iendeiske ekskurzje. By sa’n reis komme foaral de binnen- en bûtenkant fan ferskate tsjerken oan ’e oarder, mar wurde soms ek besites brocht oan kulturele ynstellingen lykas museums.
Folk en Tsjerke lit ien kear yn it jier in tal losblêdige publikaasjes ferskine oer in grut ferskaat oan tema’s. By de publikaasjes heart ek in wiidweidige bibliografy fan de Fryske tsjerkeskiednis fan it ôfrûne jier.
Wat foar jo? As jo ynteresse hawwe foar dizze unike feriening, soene jo ris in gearkomste bywenje kinne. Data en plakken steane yn ien of mear fan ‘e streekblêden en fansels op dizze webside.
Jo kinne ek lid wurde. It kostet mar 12,50 euro yn it jier. Jo kinne jo as lid opjaan.
Wolle jo mear witte oer de tsjerklike boukeunst yn Fryslân …?
Klik dan op: http://www.aldefrysketsjerken.nl fan Alde Fryske Tsjerken!
Hawwe jo ynteresse yn mear historyske tsjerke ynformaasje?
Klik dan op http://www.vnkonline.nl fan de Vereniging Nederlandse Kerkgeschiedenis.
En foar tsjerklike argiven?
Jo kinne hjirfoar telâne by Stichting tot Behoud van Kerkelijke archieven in Fryslân.