De Friese Kerkhistorische Vereniging Folk en Tsjerke is in organisaasje dy’t him dwaande hâldt mei nijsgjirrige saken op it mêd fan de Fryske tsjerke(skiednis). Net allinnich it ferline, mar ek de tiid fan no komt oan ‘e oarder. Bestjoer en leden brûke, al nei ‘t it útkomt, Frysk of Hollânsk.

Folk en Tsjerke organisearret elts jier twa gearkomsten. Sprekkers beljochtsje dan – meast yn in plak dat bij it tema past – in aspekt fan de tsjerkeskiednis sa breed as it mar kin.

Sa hawwe “Eise Eisinga, de Verlichting in Nederland” en “De inrichting van de middeleeuwse kerken in Noord-Nederland vanaf de Middeleeuwen tot heden” oan ’e oarder west. In oare kear wie dat “Anne Mankes-Zernike, de eerste vrouwelijke predikant in Nederland”. Fierder binne der jierliks twa iendeiske ekskurzjes. De iene kear is it reisdoel earne yn ’e provinsje, in oare kear b.g. Noard-Hollân of Grinslân. By sokke reizen komme foaral de binnen- en bûtenkant fan ferskate tsjerken oan ’e oarder, mar wurde soms ek besites brocht oan kulturele ynstellingen lykas museums.

Folk en Tsjerke lit ien kear yn it jier in tal losblêdige publikaasjes ferskine oer in grut ferskaat oan tema’s. Sa binne ferskynd: H.T.M Lambooij: Thomas van Groningen en Sibrandus Leo op de grens van een nieuwe tijd, Cor W. Stigter: Eenzaam staat ons huis. Het kort verblijf van dominee Jacob Bolkestein in hervormd Wijnjewoude, en H. Oldenhof, Op ’e taast in wrâld yn: speurtocht nei Hessel Douwes. By de publikaasjes heart ek in wiidweidige bibliografy fan de Fryske tsjerkeskiednis fan it ôfrûne jier.

Wat foar jo? As jo ynteresse hawwe foar dizze unike feriening, soene jo ris in gearkomste bywenje kinne. Data en plakken steane yn ien of mear fan ‘e streekblêden en fansels op dizze webside.

Jo kinne ek lid wurde. It kostet mar 12,50 euro yn it jier. Jo kinne jo as lid opjaan.

Wolle jo mear witte oer de tsjerklike boukeunst yn Fryslân …?

Klik dan op: http://www.aldefrysketsjerken.nl fan Alde Fryske Tsjerken!

Hawwe jo ynteresse yn mear historyske tsjerke ynformaasje?

Klik dan op http://www.vnkonline.nl fan de Vereniging Nederlandse Kerkgeschiedenis

Wurklist oan aktiviteiten

  • begjin september 2024: útjefte fan de publikaasjes 2024;
  • sneon 28 septimber 2024: neijiersgearkomst yn Harns mei as sprekker ds. Teunard van der Linden oer syn lêste boek ‘De dom van Almenum’.
  • foarjier 2025: ledegearkomst mei as sprekker dr. J.D.Th. Wassenaar oer it ûnderwurp ‘Watersnoodramp 1825’. Letter mear ynformaasje.