FOLK EN TSJERKE


De Friese Kerkhistorische Vereniging is in organisaasje dy't him dwaande hâldt mei nijsgjirrige saken op it mêd fan de Fryske tsjerke(skiednis). Net allinnich it ferline, mar ek de tiid fan no komt oan 'e oarder. Bestjoer en leden brûke, al nei 't it útkomt, Frysk of Hollânsk.
Folk en Tsjerke organiseart elts jier twa gearkomsten. Sprekkers beljochtsje dan - meast yn in plak dat bij it tema past - in aspekt fan de tsjerkeskiednis sa breed as it mar kin.


Sa hawwe “Eise Eisinga, de Verlichting in Nederland” en “De inrichting van de middeleeuwse kerken in Noord-Nederland vanaf de Middeleeuwen tot heden” oan ’e oarder west. In oare kear wie dat “Anne Mankes-Zernike, de eerste vrouwelijke predikant in Nederland”. Fierder binne der jierliks twa iendeiske ekskurzjes. De iene kear is it reisdoel earne yn ’e provinsje, in oare kear b.g. Noard-Hollân of Grinslân. By sokke reizen komme foaral de binnen- en bűtenkant fan ferskate tsjerken oan ’e oarder, mar wurde soms ek besites brocht oan kulturele ynstellingen lykas museums.

Folk en Tsjerke lit ien kear yn it jier in tal losblędige publikaasjes ferskine oer in grut ferskaat oan tema’s. Sa binne ferskynd: H.T.M Lambooij: Thomas van Groningen en Sibrandus Leo op de grens van een nieuwe tijd, Cor W. Stigter: Eenzaam staat ons huis. Het kort verblijf van dominee Jacob Bolkestein in hervormd Wijnjewoude, en H. Oldenhof, Op ’e taast in wrâld yn: speurtocht nei Hessel Douwes. By de publikaasjes heart ek in wiidweidige bibliografy fan de Fryske tsjerkeskiednis fan it ôfrűne jier.
 

Wat foar jo? As jo ynteresse hawwe foar dizze unike feriening, soene jo ris in gearkomste bywenje kinne. Data en plakken steane yn ien of mear fan 'e streekblêden en fansels op dizze webside.
Jo kinne ek lid wurde. It kostet mar 10,00 euro yn it jier. Jo kinne jo as lid opjaan by:

                                D.J.M. Zeinstra
                                Skilje: 0517 - 231606
                                Email: info@folk-en-tsjerke.nl

Wolle jo mear witte oer de tsjerklike boukeunst yn Fryslân …?

Klik dan op: http://www.aldefrysketsjerken.nl fan Alde Fryske Tsjerken!

Hawwe jo ynteresse yn mear historyske tsjerke ynformaasje?

Klik dan op www.vnkonline.nl fan de Vereniging Nederlandse Kerkgeschiedenis

 

F&T-home