Privacy belied FOLK & TSJERKE

 

De Tsjerkhistoryske Feriening Folk & Tsjerke hecht folle wearde oan de beskerming fan jo persoansdata. Yn dit Privacy belied wolle wy heldere en transparante ynformaasje jaan oer hoe ‘t wy omgeane mei persoansdata.

Wy dogge der alles oan om noed te stean foar jo privacy en geane dêrom soarchfâldich om mei persoansdata. Folk & Tsjerke hâldt him yn alle gefallen oan de tapasselike wet- en regeljowing, wêrûnder de “Algemene Verordening Databescherming”.  Soks hâldt yn dat wy yn elts gefal:

-         Jo persoansdata ferwurkje yn oerienkomstich mei it doel werfoar dizze oanrikt binne; dizze doelen en soarte persoansdata binne beskreaun yn dit Privacy belied.

-         Ferwurking fan jo persoansdata beheind is ta inkeld die data hokker op syn minst nedich binne foar de doelen werfoar se ferwurke wurde.

-         Freegje om jo útdruklike tastimming as wy dizze nedich hawwe foar de ferwurking fan jo persoansdata.

-         Passende technyske en organisatoryske maatregels nommen hawwe sadat de befeiliging fan jo persoansdata wis is.

-         Gjin persoansdata trochjowe oan oare ynstânsjes, útsein as dit nedich is foar útfiering fan de doelen wêrfoar se oanrikt binne.

-         Op ‘e hichte binne fan jo rjochten oangeande jo persoansdata, jo hjir op wize wolle en dizze respektearje.

 

As Folk & Tsjerke binne wy ferantwurdlik foar de ferwurking van jo persoansdata. Mochten  jou nei it trochnimmen fan ús Privacy belied, as yn algemienere sin, fragen hjiroer hawwe as kontakt mei ús opnimme wolle, dan kin dit middels de kontaktdata ûnderoan dit dokumint.

 

Ferwurking fan persoansdata fan ferieningsleden

 

Persoansdata fan ferieningsleden wurde troch Folk & Tsjerke ferwurke foar de folgjende doelen:

-         Adminystraasje doelen: ledelist, presensjelist, útnoegings, ynsidentele aktiviteiten

-         Kontribúsje

-         Berjochten en ynformaasje

 

Grûndslach foar dizze persoansdata is de lidmaatskipsoerienkomst

 

Foar de boppesteande doelstelling(en) kin Folk & Tsjerke de folgjende persoansdata fan jo freegje: Titel, Foarnamme, Tuskenhjeksel, Efternamme, Adres, Postkoade, Wenplak, Tillefoannûmer, E‑mailadres, Geslacht, Bertedatum, Bankrekennûmer, Oanfangsdatum lidmaatskip.

 

Jo persoansdata wurde troch Folk & Tsjerke bewarre foar boppeneamde ferwurking(en) sa lang as it lidmaatskip duorret en dêrnei allinne yn de finansjele adminystraasje foar heechút it rinnende boekjier.

 

à
Wannear tidens eveneminten lykas ekskurzjes beeldopnamen makke wurde foar publikaasje – bygelyks op ‘e webside fan Folk & Tsjerke – dan kinne jo, as it winslik is, hjir foar wat betreft jo persoan beswier tsjin meitsje by it bestjoer.

 

Rjochten oangeande jo data

 

Jo hawwe rjocht de persoansdata dy ‘t wy fan jo krigen hawwe yn te sjen, oan te passen as te ferwiderjen. Ek kinne jo beswier meitsje tsjin de ferwurking fan jo persoansdata (as in part dêrfan) troch Folk & Tsjerke of troch ien fan ús ferwurkers. Ek hawwe jo it rjocht om de troch jo oanrikke data troch ús oerdrage te litten oan josels as yn opdracht fan jo streekrjocht oan in oare ynstânsje. Wy kinne jo freegje om jo te legitimearen foardat wy gefolch jaan kinne oan foarneamde fersyken.

As wy jo persoansdata ferwurkje op grûn fan in troch jo oanrikke tastimming, dan hawwe jo  altyd it rjocht dizze tastimming yn te lûken.

 

Beswieren

 

Mochten jo in beswier hawwe oangeande de ferwurking fan jo persoansdata dan freegje wy jo hjiroer daliks kontakt mei ús op te nimmen. Mochten wy der tegearre mei jo net út komme dan spyt ús dat fansels tige.

Jo hawwe altyd it rjocht beswier te meitsjen by de “Autoriteit Persoonsgegevens”; dit is de tafersjochhâldende autoriteit op it mêd fan privacybeskerming.

 

Fragen

 

Mochten jo nei oanlieding fan ús Privacy belied noch fragen as oanmerkings hawwe nim dan kontakt mei ús op!

 

Kontaktdata

 

Folk & Tsjerke

 

info@folk-en-tsjerke.nl

 

F&T-home